Sjong
SjONG is in twajierliks Frysktalich sjongfestival foar jongerein fan 12 oant en mei 18 jier. Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand popnûmer. Dêrmei dogge se audysje. Se begeliede harsels of sjonge op in orkestbân. De bêste dielnimmers fan de foarrondes geane troch nei de finale. Der binne by SjONG prizen te winnen foar de bêste trije optredens, de bêste tekst en fierder is der noch in YouTube-priis. SjONG wurdt organisearre troch Cedin.